img4665_08-1De Brekbere Sirkel is in swingende Frysktalige muzykteaterfoarstelling oer in o sa begrutlik leafdesferhaal fol mei Amerikaanske rootsmuzyk mei de akteurs Tet Rozendal en Hilbert Dijkstra en de muzikanten Gurbe Douwstra, Wander van Duin, Jan de Vries en Tseard Nauta.  Elise (Tet Rozendal) en Didier (Hilbert Dijkstra) belibje tegearre de wiere leafde. Mar at harren famke Maybelle siik wurdt en ferstjert sjogge wy twa folslein ferskillende reaksjes. Didier wurdt kûgelsk en Elise siket treast. Wa’t bart der mei in minske at jins bern, dêr wêr’t je it measte fan hâlde, fan je ôfnaam wurdt? It fertriet is dan sa grut dat je it net ha, mar it gewoan binne. Elise fynt lykwols in útwei. Se belibbet har ultime finale: noch ien kear treedt se op mei Didier en harren band. Se spylje nûmers fan Johnny Cash, Alisson Krauss, Emmylou Harris en Waylon Jennings. Wurd en muzyk wurde ien yn dizze o sa krêftige foarstelling. It ferhaal is ek bekend wurden troch de filmferzje fan dizze “lovestory”; The broken circle breakdown. Regy: Jan Arendz
Fryske oersetting: Marijke Geertsma.
Entree: € 18,50. Kaarten fia culturelecommissie@itmaskelyn.nl of bij de balie van It Maskelyn, tel. 0511-472126.

Entree

  € 18,50 Entree: € 18,50. Kaarten via culturelecommissie@itmaskelyn.nl of via de balie van It Maskelyn, tel. 0511-472126. € 18,50

Kaarten via culturelecommissie@itmaskelyn of bij de balie van It Maskelyn, 0511-472126

Meer informatie

0511-472126