It stik ‘Ensemble’ (Toaniel yn Toaniel)
De ambisjeuze regisseur fan téjaterselskip ‘STOFA’ komt op it idé om yn it kader fan ‘kulturele haadstêd 2018’  “de bedelaarsopera” yn ferskate bewurkingen en ik meartalich op te fieren…
Foarferkeap fan kaarten op sneon 13 jannewaris 2018, om 14.00 oere yn It Maskelyn. Mear ynfo op: www.mrvtesselschade.nl.
Hy wol mei de groep in sa grut mooglik, breed publyk berikke. Tidens it repetysje-proses docht al gau bliken dat spilers grutte likenis fertoane mei de rolfigueren út de bedelaarsopera. Hoe ticht leit dizze fantasywrâld en de realiteit by inoar? Witte de spilers toaniel en wurklikheid te skieden en in moaie, slagge foarstelling del te setten? In luchtich toanielstik oer leafde en misdied, mei fjoer en faasje!

Der is dit jier wer in tal nije gesichten dat meidocht. Spilers dy ’t op it Fryske toaniel al romme ûnderfining hawwe en in prachtige ynfolling jouwe oan harren rol yn dit stik. Ek wurdt der omraak songen, lykas yn opera’s gewoan is. Koartsein, in stik om net te missen.

Entree

Meer informatie

www.mrvtesselschade.nl