MRV Tesselschade spilet ‘Neat te ferbergjen’
Sân goede freonen hawwe ôfpraat foar in itensje. It is de jûn foar de eklips, de moannefertsjetering. Se beslúte by wize fan in spultsje om harren mobile telefoan op’e tafel te lizzen en elk berjocht en elk telefoantsje dat binnenkomt fuortendaliks mei elkoar te dielen, om te bewizen dat se neat foar eloar te ferbergjen hawwe. It docht bkiken dat de freonen minder fan elkoar wisten as se ynearsten tochten! It soarget fansels foar ûngemaklike en hilaryske sitewaasjes.
‘Neat te ferbergjen’is skreaun troch Tsjerk Bottema, en basearre op de film ‘Alles op tafel’ nei û.o. Linda de Mol. De spilers binne in tal bekende Tesselschadespilers, oanfolde mei nije betûfte spilers.
Spilers: Stienie Boskma,Hennie Veenstra, Wim van der Laan,René van der Laan, Leo Boersma, Lieke Boersma, Tessa de Jong-Hettema en Rienk Nicolai.
‘