Algemeen, Toneel
14 november 2025

Pier21 mei ‘En ik dan?’ Is uitverkocht.

⚠️ Let op! Je bekijkt een evenement uit het verleden. Pier21 mei ‘En ik dan?’ Is uitverkocht. vond plaats op 14 november 2025.

It Fryske teaterselskip Pier21 bringt op ’e nij in yndrukwekkende foarstelling oer in wichtich maatskiplik tema. En ik dan? is in muzykteäterfoarstelling mei Hiske Oosterwijk, Lourens van den Akker en Jochem le Cointre. In yngripend en muzikaal ferhaal oer mantelsoarch, oer de syktocht nei balâns wannear’t soargje foar in oar ten koste driget te gean fan dysels.
Komposysjes fan Hiske Oosterwijk, rezjy fan Jos Thie en tekst fan Bouke Oldenhof. Yn dizze foarstelling wurdt Frysk praat.

Floor stiet altyd foar oaren klear. As famke moast sy thús altyd ynskikke, om’t broer Roel alle omtinken fan har heit en mem frege. No’t har âlden ferstoarn binne, leit de earste ferantwurdlikheid foar him by har. Ek yn har wurk as ferpleechkundich sintralist en yn har relaasje mei Sander nimt se fansels de soarchrol op har. Mar as ien einlings wat foar har docht, fielt se har skuldich en bot yn’e war. Hoefolle kinst jaan foardatst dysels ferliest?

Muzykteäter dat rekket

De foarstelling rekket in wichtich tema oan dat in soad minsken werkenne: de tinne line tusken it jaan fan soarch en it weisiferjen fan jinsels. Ynspirearre troch it persoanlike ferhaal fan sjongeres en aktrise Hiske Oosterwijk wurdt dizze tematyk ynfielber en urgint. Hiske dielt it poadium mei akteur Lourens van den Akker en muzikant Jochem le Cointre. Regisseur Jos Thie en skriuwer Bouke Oldenhof wurkje wer gear sa’t se dat foar Pier 21 dien hawwe by Feteranen, Bijke, It wie op in Simmerjûn en Avond. De nûmers fan Hiske Oosterwijk foarmje de emosjonele rêchbonke fan de foarstelling en fertolken Floors inerlike wrâld.

Breed maatskiplik draachflak

Pier 21 wurket foar dizze foarstelling gear mei ûnder oare de Meldkeamer Noard-Nederlân, Kijlstra Ambulancezorg, Veiligheidsregio Fryslân, GGZ Friesland, Stichting De Friesland, Het Fries Bibliotheken Netwerk, Friese gemeenten, ferskate mantelsoarchorganisaasjes en Club Nel. Sa wurde der audioportretten fan mantelsoargers sammele dy’t foar de foarstelling te beharkjen binne, sawol yn it teäter as online.

Wêrom dizze foarstelling nó?

It tal mantelsoargers yn Nederlân groeit, krekt as de druk op de soarch. En ik dan? wol it petear iepenje oer hoe’t we soargje foar inoar, en ek hoe’t we ek foar ússels soargjen bliuwe. De foarstelling is net allinnich relevant foar (jonge) mantelsoargers, mar ek foar professionals yn de soarch, helpferliening, it ûnderwiis en dêrbûten.

Pier 21 lit hjirmei opnij sjen dat teäter midden yn de maatskippij stean kin. Mei eardere foarstellingen as Wat Soesto! , Krijst der safolle foar werom en De Emigrant luts it selskip tûzenen besikers. Ek dizze kear mikt Pier 21 op in breed publyk dat rekke wurde wol én neitinke wol oer de wrâld om him hinne.