HympHamp teater komt nei Hurdegaryp!
Sûnt in pear jier timmert dizze nije Fryske teatergroep oan ‘e wei en mei sukses. Harren cabaretfoarstellings wurde enthousiast ûntfongen troch it publyk: “Wat ha wy lake, hearlik!” hearre de spilers faak nei ôfrin fan de foarstelling en dàt is no krekt de bedoeling.
HympHamp teater bestiet út spilers Jelmar Hoekstra (de iennige frou fan it selsskip) en Fokke Plantinga, sy spylje alle types yn de senes en sjonge de ferskes tuskentroch. Paul Siemensma en Anko Bouma tekenje foar de musyk en spylje mei op harren ynstrumenten, akkordeon en gitaar.
Mei elkoar in bûnt selsskip yn in foarstelling dy rint as in trein fan de iene werkenbere sketch yn it oare gefoelige liet oer de lytse, deistige dingen fan it libben.
Jelmar en Fokke litte in ferskaat oan types de revue passeare; de âlde beppe, it ANWB-stel Rudi en Tiny ûnderweis, stagiaire Sytske en har begelieder van it V.V.A.T en fansels de musikanten fan rûnom út de wrâld.
Kom ek nei it Maskelyn foar dizze hilaryske foarstelling om jo de bûsen út te skuorren, koartsein: in jûn lekker laitsje! Oant dan, oant HympHamp!

HympHamp theater komt naar Hurdegaryp!
Sinds een paar jaar timmert deze nieuwe friese theatergroep aan de weg en met succes. Hun cabaretvoorstellingen worden  enthousiast ontvangen door het publiek: “Wat ha wy lake, hearlik!” dat horen de spelers vaak na afloop van een voorstelling en dàt is nu net de bedoeling.
HympHamp theater bestaat uit de acteurs Jelmar Hoekstra (de enige vrouw van het gezelschap) en Fokke Plantinga, zij spelen alle rollen in de scenes en zingen de liedjes tussen de scenes. Paul Siemensma en Anko Bouma tekenen voor de muziek en begeleiden op hun instrumenten, akkordeon en gitaar.
Al met al een bont gezelschap in een voorstelling die loopt als het spoor. De ene herkenbare sketch volgt het andere op of worden gevolgd door een mooi gevoelig lied over de dagelijkse dingen van het leven.
Jelmar en Fokke laten een breed scala aan types de revue passeren; de âlde beppe, het ANWB-stel Rudi en Tiny, stagiaire Sytske en haar begeleider van it V.V.A.T en uiteraard de muzikanten van exotische oorden.
Kom ook naar it Maskelyn voor deze hilarische voorstelling om ’jo de bûsen út te skuorren’, kortom: een avond lekker lachen! Tot dan, tot HympHamp!

Entree

  € 10,00

Meer informatie

0511-472126