Tesselschade hopet dit jier te slagjen foar in jûn ‘topvermaak’. ‘Lang en Lokkich’hjit ús nije produksje. .

Don Duyns de skriuwer fan dit stik (oersetting Anne Marie Gaikema) hat twa klassike mearkes hiel handich handich troch elkoar mjukst, in link lein nei dizze tiid en der in hilaryske famyljefoarstelling fan makke.
Bygelyjs, sjogge wij dat de ‘grote boze wolf’ in leafdesrelaasje siket mei ‘Roodkapje’ en sa dus syn sêfte kant sjen lit, wij sjogge de konflikten tusken Assepoetster en har bikkehurde styfmem en dochters mei dêromhinne allegear figruen út oare mearkes, ûnder oaren ‘Klein duimpje’.  Allinne dy hearre wij wol mar sjogge him net om ’t hy hiel fansels, hiel, hiel lyts is.
Dizze spektakel produksje is in útdaging foar in grutte groep spilers mei dûbelrollen, in útdaging foar dekor-kostúm en grime ûntwerpers, in útdaging foar al ús produksjemeiwurkers, frijwilligers en ús regisseur Anny Veenstra.

Der binne 3 manieren om kaarten te keapjen:

  1. Tidens de reguliere foarferkeap op 7 desimber om 14.00 ûre yn it Maskelyn, Hurdegaryp.
  2. Troch te beljen mei it 06 nûmer wat op en nei de foarferkeap te berikken is (tusken 16.00 en 20.00 ûre).
  3. By VanPlan. Hjirûnder kinne jo nei de website fan VanPlan om kaarten te keapjen en automatisch tastjoerd te krijen.

NB:

Ús ‘âlde’ stipers kinne belje mei it 06 nûmer of nei de foarferkeap yn MFC ‘it Maskelyn’ komme. Dus nét fia vanplan!
Stipers betelje ntl. €20,- p.p. en neat mear!

Entree

  € 16,50

Meer informatie