Frysk

Vader en zoon

20 jier letter

Joop en Mads Wittermans spilen 20 jier lyn Vader en zoon bij Theater v/h Oosten. Sân skriuwers skreaunen yn alle frijheid sênes fan it tema ‘heit en soan’ út; it stik waard regissearre troch Matthijs Rümke (1954-2015).

Yn de foarstelling fan doe rûn heit tsjin de midlifekrisis oan en soan wegere, nettsjinsteande de ynspanningen fan heit, om te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Yn dy toernee ûntstie it idee om yn in fiere takomst – as de soan tsjin de midlifekrisis oansjocht en heit yn it âldereinhûs lak hat oan regels en de maatskippij – op ’e nij in toanielstik te meitsjen op dizze wize. Dy tiid is no oanbrutsen!

Vader en zoon is foar it grutste part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk.

tekst: Bouke Oldenhof, Tom de Ket, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman
spul: Joop Wittermans, Mads Wittermans
einregy: Liesbeth Coltof
foarmjouwing: Caroline van de Meent

Vader en zoon is in ko-produksje fan Tryater en Theater Wittermans Producties.

__________________________________________

NL tekst

Vader en zoon

20 jaar later

Joop en Mads Wittermans speelden 20 jaar geleden Vader en zoon bij Theater van het Oosten. Zeven schrijvers schreven in alle vrijheid scènes vanuit het thema ‘vader en zoon’; het stuk werd geregisseerd door Matthijs Rümke (1954-2015).

In de voorstelling van toen liep pa tegen de midlifecrisis aan en zoon weigerde, ondanks inspanningen van z’n vader, te voldoen aan de normen van de maatschappij. In die tournee ontstond het idee om in een verre toekomst – als de zoon tegen de midlifecrisis aankijkt en pa in het bejaardentehuis lak heeft aan de regels en de maatschappij – opnieuw een stuk te maken op deze manier. Die tijd is nu aangebroken!

Vader en zoon is grotendeels Nederlandstalig met zo nu en dan Fries.

tekst: Bouke Oldenhof, Tom de Ket, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman

spel: Joop Wittermans, Mads Wittermans
eindregie: Liesbeth Coltof
vormgeving: Caroline van de Meent

Vader en zoon is een co-productie van Tryater en Theater Wittermans Producties.

Entree

  entree € 17,5 Freonen Tryater € 15,5 CJP/Studenten € 15,5

Meer informatie

Kaarten allinne fia www,tryater.nl