Toneel
28 januari 2024

MRV Tesselschade spilet ‘Home’

⚠️ Let op! Je bekijkt een evenement uit het verleden. MRV Tesselschade spilet ‘Home’ vond plaats op 28 januari 2024.

Tesselschade spilet yn 2024 ‘Home’

Wy binne wer los!

Dit winterskoft 2023-2024 spilet MRV Tesselschade “Home” van David Storey .  De Fryske oersetting is fan Pyt van der Zee: titel “Himmel waar hjoed”. Tesselschade spilet it stik ûnder de oarspronklike titel ”Home”.
De bewurking fan it oarspronklike stik is fan Anny Veenstra, dy’t ek de rezjy docht.

Koarte ynhâld:

Fiif  minsken mei útienrinnende karakters, yn’e tún fan in psychiatryske klinyk. Guon fan harren dogge alles om de wurklikheid te ûntwiken en flechtsje dan yn it ferline. Oaren neame alles by namme bytiden lûd, skerp en pynlik. Mei leafde, respekt en humor besiket Tesselschade it kwetsbere fan it libben sjen te litten.

Spilers binne: Jelke van der Molen, Johan Thijssen, Matty Dijk, Stienie Boskma en Hennie Veenstra. 

De rezjy is yn hannen fan Anny ter Linden-Veenstra, Anneke van der Wal is de rezjy assistinte..